Jonatan (soan fan Saul)

Foarstelling fan Jonatan neffens in skilderij fan Frederik Leighton (1868). Op de foarstelling warskôget Jonatan David, dy't him earne yn it fjild ferskûlet, troch trije pylken te sjitten (1 Samuël 20:35-41). De lichemshâlding fan Jonatan komt oerien mei dy fan Michelangelo's David

Jonatan (Hebriuwsk: יוֹנָתָן) is in bibelsk persoan út it Alde Testamint. It wie de soan fan kening Saul, de earste kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel, dy't in tige ynlike bân hie mei David, de lettere twadde kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy